Reageer direct
Reageren tot:

Job Description

Opdracht omschrijving

De gemeente De Fryske Marren set him aktyf yn foar it behâld en fersterkjen fan it Frysk. Mei stipe fan de provinsje Fryslân wolle wy in tal ambisjeuze projekten út ús taalbelied fierder bringe. Dêrom sykje wy in beliedsmeiwurker dy’t in dúdlike, ôfbeakene opdracht útfiert: it útwurkjen fan de fjouwer konkrete projekten út it taalbelied.

As beliedsmeiwurker wurkest oan it útwurkjen fan fjouwer strategyske projekten út it Frysk taalbelied. Do leverest in goed ûnderboud foarstel op per projekt. Oan de hân fan dyn útwurking lizze we in projekt foar oan de gemeenteried wêr’t we mei oan de slach kinne en wolle.

It giet om de folgjende projekten:

1. BAG fan Nederlânsk nei Frysk
Undersyk nei de mooglikheid en gefolgen fan it registrearjen fan adressen yn it Frysk binnen de Basisregistraazje Adressen en Gebouwen (BAG).

2. Folsleine twatalige webside
In plan foar it ûntwikkeljen fan in folslein twatalige gemeentlike webside (Frysk/Nederlânsk), mei omtinken foar brûkberens, behear en kosten.

3. Oergong nei .frl-domein
In analyze fan de impact, kânsen en risiko’s fan it oergean fan in .nl- nei in .frl-domein.

4. Kultueredukaasjeprojekt (nei foarbyld fan Waadzinnig)
It ûntwerpen fan in lokaal kultuer- en taalnetwurk dêr’t skoallen, kulturele ynstellingen en it Frysk sintraal yn steane.

 

Zelfstandigen zonder personeel (ZZP’ers) en directeur-grootaandeelhouders kunnen zich inschrijven, mits zij zelfstandig en zonder gezagsverhouding werken. Een duidelijke opdrachtovereenkomst conform de Wet DBA is vereist.

Ferantwurdlikens:

Haadtaak:

  • Per projekt in útwurke plan fan oanpak 
    Ynklusyf:
  • doelen en maatskiplik effekt
  • planning en fasearring
  • kostenraming en finansiering
  • risiko-analyze en helberens ûndersyk
  • organisaasje en partners
  • In advys oan de gemeenteried mei: 
    – fergelyking fan de 4 projekten 
    – prioritering / senario’s 
    – konkrete beslútfoarming 

Reageer 2 dagen voor sluiting publicatie (en ontvang meer details, wensen en eisen!)

Start publicatie 02-04-2026
Einddatum vragen 09-04-2026
Opvragen van tarief, wensen en eisen voor.. 04-04-2026
Sluiting publicatie 16-04-2026 23:59
Beoordeling offertes (vanaf) 04-04-2026
Verwachte terugkoppelingsdatum 20-04-2026